Drokte foar Wegenwacht

06 aug 2009 - 15:35
  • Drokte foar wegenwacht

De Wegenwacht fan de ANWB hat it tongersdei smoardrok yn Fryslân. Dat komt neffens de ANWB om't in soad minsken mei dit waar ûnderweis binne nei de Fryske marren. Misken dy't pech krije, moatte langer as in oere wachtsje.

De meast foarkommende pechgefallen binne kuollingsproblemen en lege akku's. Der binne ekstra minsken ynset, mar de ANWB ferwachtet dat de wachttiid lang bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)