Skeel Feanhoop foar rjochter

© Omrop Fryslân
Twa partijen stiene tongersdei foar de rjochter yn de kwestje oer it Veenhoopfestival. Kampingeigner De Groot is tsjin it festival fanwegen de oerlêst. Neffens him wurdt it festival hâlden op basis fan in frijstelling dy't oait oan de stifting Doarpsfeesten ferliend is en net oan de organisaasje fan no.
De stifting hat de gemeente twa jier lyn frege dizze frijstelling wer yn te lûken nei in akkoart mei De Groot, mar dat is noait dien.