Mei Skewielmobyl op paad

06 aug 2009 - 15:15

Aldere minsken sûnder eigen ferfier kinne gebrûk meitsje fan in nij ferfiermiddel. De Skewielmobyl rydt sûnt koart troch de Trynwâlden. It is in elektrysk weintsje dêr't ek de rollator yn past. It karke wurdt troch frijwilligers bestjoerd.

It giet foarearst noch om in proef om te sjen oft it foar âlderen wat opsmyt. It projekt wurdt betelle troch de provinsje, it Cartesius Instituut en de Universiteit fan Eindhoven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)