Trochstart fan Allichtreklame

It bedriuw makket in trochstart
Reklamebedriuw Allichtreklame út Ljouwert makket in trochstart. It bedriuw waard earder dit jier fallyt ferklearre troch de rjochter. VanDam Ljochtreklame út Drachten hat it bedriuw oernaam. Foar de fiif meiwurkers feroaret neat. Ek de namme bliuwt itselde. De direkteur komt op eigen fersyk net werom.
It bedriuw hâldt him dwaande mei it pleatsen fan ljochtreklame en it meitsjen fan letters foar bedriuwen.