Huntelaar smyt H'fean jild op

SC Hearrenfean fertsjinnet oan transfer Huntelaar
Troch de transfer fan Klaas Jan Huntelaar fertsjinnet Sportklup Hearrenfean sa'n 75.000 euro. Huntelaar giet fan Real Madrid nei AC Milan. De Italjanen betelje 15 miljoen euro.
By in transfer giet sa'n fiif prosint nei de klups dêr't Huntelaar spile hat. Dy fiif prosint moat Hearrenfean dan wer diele mei Huntelaar syn âlde klups PSV, De Graafschap, AGOVV en Ajax. Huntelaar spile fan 2004 ôf oardeljier foar Hearrenfean.