Cambuur op selde foet fierder

06 aug 2009 - 13:09

Sportklup_Cambuur begjint freed de kompetysje mei itselde middenfjild en deselde oanfal as ferline jier. Allinnich achteryn binne der fjouwer feroarings. Keeper David_Meul en ferdigeners Nuelson_Wau, Robert_van_Boxel en Leon_Hese binne de nije nammen yn de opstelling. Randy_Rustenberg is de fjirde ferdigener.

Op it middenfjild spylje Beekmans, Van_der_Heide en Guijt en foaryn steane De_Visscher, Ter_Heide en Maachi. De Graafschap is de earste tsjinstanner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)