Swimferbod strân De Baaier

By it strân De Baaier oan de Lytse Jerden yn de Sleattemermar jildt in swimferbod. Der is in gefaarlike baktearje fûn yn in meunster fan it wetter. Swimmers kinne termklachten oprinne at se besmet wetter binnen krije. De gemeente hat omwenners warskôge en buorden delset.
It is al de twadde kear yn in koart skoft tiid dat it strân ôfsletten wurdt. It ferbod duorret yn alle gefallen in wike. Moandei wurde op 'e nij meunsters nommen.