Superwoansdei rêstich ferrûn

06 aug 2009 - 10:21

It is rêstich bleaun by de ferskate grutte eveneminten dy't woansdei yn Fryslân wienen. Dat seit de plysje. Op wat ynsidinten nei gie alles goed.

Yn Snits by de hurdsyldei binne in tal besikers fan it Starteilân set, om't se ferfelend wiene. Yn Bûtenpost waarden by it konkoers hippyk 17 bekeuringen útdield foar wyldpisjen, balstjurrichheid en alkohol op strjitte. Yn Wommels by de Freule is neat bard. Wol waard in soad alkohol dronken, mar dat r­ûn net út de hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)