Cambuurstadion wurdt feiliger

It stadion moat feiliger wurde (foto: Martin de Jong)
SC Cambuur hat maatregels troffen om de feilichheid by it fuotbalstadion te ferbetterjen. De tribune foar de gasten is ferpleatst nei de eastkant. Dêrtroch moat it noardfak rêstiger wurde. De kontrôles by de yngong wurde skerper en elkenien wurdt fûlleard.
Under de wedstryd mei net hinne en wer rûn wurde tusken de korridoaren en wurdt inkeld evenemintebier skonken. Sprekkoaren wurde net langer tastien. Mooglik komme der kamera's te hingjen yn strjitten om it stadion hinne.