Jonge oppakt om stekpartij

06 aug 2009 - 10:03

Op Skylge is in jonge fan 18 út Oostvoorne oanhâlden. Hy hat in maat fan him mei in mes stutsen. De jonges hiene yn in fakânsjehûske spul krigen oer in stellen brommer. De rúzje rûn út de hân en doe pakte de fertochte in mes. Nei de stekpartij gie er fuort.

Befeiligingsmeiwurkers seagen him en ha de plysje ynskeakele. Dy hiene him earder op de jûn al op de brommer riden sjoen en lieten him blaze. Doe die bliken dat er tefolle dronken hie. De jonge hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)