Kajaktocht ôfbrutsen by Skylge

06 aug 2009 - 08:32

De kajaktocht fan Den Helder nei Borkum fan Jacob Brandsma is net fierder kaam as West-Skylge. Troch de hurde wyn yn it Mounegat sloech Brandsma in pear kear om. Syn apparatuer rekke fernield en hy koe net langer kommuniseare mei it folchskip. Doe't de bemanning him net mear seach, warskôgen se de helptsjinsten. In meiwurker fan de Brandaris seach de kajak. Dy waard nei de haven fan West-Skylge dirigearre.

Dêr waard besletten om op te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)