Finale: Minnertsgea-Wjelsryp

Minnertsgea is de earste finalist fan de Freule yn Wommels. Op in hyt keatsfjild wisten Sjoerd Janzen, Roan-Hein Joostema en Hendrik Kootstra de jonges fan Frjentsjer te ferslaan mei 5-3 en 6-6.
De oare finalist kaam út de partij tusken Wjelsryp en Sint Anne. Yn dy twadde heale finale hie favoryt Sint Anne it bysûnder dreech tsjin Welsryp. It rûn dan ek net goed ôf foar in stroef keatsend Sint Anne. Wjelsryp wûn dik mei 5-1 en 6-6.