Favoriten yn heale finale

Twa fan de favorite partoeren fan de Freule ha de heale finale berikt. It binne de partoeren fan Wjelsryp en Sint Anne. Beide partoeren hiene yn de fjirde omloop de nedige muoite mei harren tsjinstanners. Britsum hâlde it lang fol tsjin Wjelsryp en Sint Anne hie it dreech tsjin Hartwert.
De oare heale finale giet tusken de partoeren fan Frjentsjer en Minnertsgea. Frjentsjer hie yn de fjirde omloop in steand nûmer. Dizze partij wurdt as earste ferkeatst.