Undersyk nei iten by bern

05 aug 2009 - 16:01

It ytgedrach fan bern tusken de 10 en 14 jier wurdt ûndersocht. In gewichtskonsulinte út Grins is dwaande mei it ûndersyk yn de noardlike provinsjes. De bern wurdt frege wat se op in dei ite, hoefolle oft se bewege en wat se fan iten tinke.

Mear as hûndert bern ha al meidien fia ynternet. Fan it hjerst krije bern les oer iten. Dat sil wêze yn de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis en de 1e en 2e jiers fan it fuortset ûnderwiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)