Ald-Cambuurspilers nei Amelân

Jan Bruin sil foar It Amelân spylje
Ald-fuotballers Jan Bruin en René van Rijswijk fan Cambuur spylje it kommende seizoen by Amelandia. De fuotballers binne oanlutsen om de fuotbalklup op It Amelân goed op de rails te krijen. Amelandia hie in probleem by it rûnkrijen fan de alvetallen. It tal nije leden wie lyts en in soad spilers stapten oer nei Giel Wyt.
Jan Bruin is trainer en coach fan de B-junioaren fan Cambuur. Hy sil foar It Amelân foaral útwedstriden spylje.