Wjelsryp troch nei fjirde list

05 aug 2009 - 13:31

Op de tredde list fan de Freule yn Wommels hat it partoer fan Wjelsryp wûn fan Dronryp. Ek it partoer fan Britsum giet troch, dat wie te sterk foar it trio fan Easterein.

Berltsum stiet al op de fjirde list want dat partoer hat in steand nûmer. Se moatte tsjin Minnertsgea want dat partoer wie te sterk foar Jelsum/Koarnjum. Sint Anne wie te sterk foar Goaiïngea en Hartwert wie better as Broeksterwâld. Frjentsjer hat wûn fan Sint Jabik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)