Needplan foar keatssport

It Cios op It Hearrenfean begjint yn septimber mei in projekt om keatsen populêr te meitsjen by skoalbern. De animo nimt hieltyd mear ôf.Studinten fan it Cios krije in oplieding yn it keatsen. Dy studinten moatte fan 't winter yn har staazje keatslessen jaan op basisskoallen.
De Cios-oplieding komt ek mei in pakket materialen, mei spesjale ballen. It Cios krijt subsydzje fan de provinsje foar dit plan. It projekt sil trije jier rinne.