Tip foar finen dieders

Tip útloofd foar finen dieders fernielerij Burgum
Arjen Kooi fan Burgum hat 500 euro oer foar it finen fan de dieders fan de fernielerij yn syn wenplak. Kooi syn auto is sa bekrast dat er foar goed 1500 euro oan skea hat.
Dy wol Kooi ferhelje op de dieders, mar neffens him docht de plysje net genôch om har te pakken. In pear jier lyn wie syn auto ek bot fernield en doe binne de dieders nea achterhelle. Hy hat gjin oanjefte dien en hopet mei de beleanning op de gouden tip. De lêste tiid binne 46 auto's fernield.