Schadd nimt waar op Flylân

Ella Schadd sil tydlik nei Flylân
Ald-boargemaster Ella Schadd-De Boer fan Boarnsterhim wurdt waarnimmend boargemaster op Flylân. Dat hat kommissaris fan de Keninginne Jorritsma besletten, nei oerlis mei de gemeenteried fan Flylân.
Schadd komt yn it plak fan boargemaster Baukje Galema. Sy wurdt earste boarger fan Stadskanaal. Schadd-de Boer bliuwt yn funksje oant der in opfolger fûn is. Dat duorret likernôch in healjier, sa is de ferwachting.