Fjochterij nei Profronde

05 aug 2009 - 10:06

Yn Surhústerfean ha tiisdeitejûn nochal wat fjochtpartijen west. Nei ôfrin fan de Profronde sloech de gesellige sfear neffens de plysje gau om. De plysje hie de hannen fol oan de fjochterijen. Twa minsken (16 en 19) binne oanhâlden om't se net ophâlde woene, nei't de plysje dêr geregeld om frege hie.

Twa minsken rekken ferwûne. In jonge (17) út Stynsgea rûn in brutsen noas op en in man fan De Harkema (26) rekke út de tiid nei't er bot slein wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)