'Barkrukman' langer fêst

05 aug 2009 - 10:02

De man (29) út Damwâld, dy't ôfrûne wykein yn in kroech yn Dokkum in frou mei in barkruk op de holle slein hat, sit noch hieltyd yn foararrest. De rjochter-kommissaris hat besletten dat er yn alle gefallen noch 14 dagen langer fêsthâlden wurdt.

De man wie mei in groep oaren belutsen by in fjochtpartij. It slachtoffer, eigner fan de kroech, woe ferhaal helje by de groep en waard doe mei de kruk op de holle slein. Se moast nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)