Jongeren wize op gefaar drugs

05 aug 2009 - 09:25

In promoasjeteam fan jongeren stiet woansdei op de hurdsyldei yn Snits. Se fertelle leeftydsgenoaten hoe gefaarlik it is om yn ûnder ynfloed fan alkohol of drugs ûnderweis te wêzen op de dyk. Se freegje jongerein om mei te wurkjen oan in aksje troch in spesjaal earmbantsje te dragen. Oan de ein fan de jûn krije se dan in blaastest en kinne se ride yn in simulator.

It is in inisjatyf fan Radio NL en Responsible Young Drivers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)