EK-sulver foar Elma de Vries

04 aug 2009 - 22:38
  • Ema de Vries wint sulver op EK (foto: Martin de Jong)

Elma_de_Vries hat tiisdeitejûn in sulveren medalje behelle op it EK skeelerjen. Se die dat op de 15 kilometer ôffalkoers op 'e dyk. De Vries moast yn it Belgyske Zandvoorde allinnich de Dútske Sabine Berg foargean litte.

De Vries pleatste har ek foar de finale fan de 200 meter, mar dy ôfstân liet se sjitte om har te sparjen foar de ôffalkoers. Earder op dit EK helle De Vries ek al sulver op de 1000 meter. Dat wie op de baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)