Twa winners net op Freule

Wytmarsum en Makkum ûntbrekke woansdei
By keatsleafhawwers is teloarsteld reagearre op it ûntbrekken fan Makkum en Wytmarsum woansdei op de 107de Freule. Makkum wûn de Freule yn 2004, Wytmarsum yn 2003. It is yn dy doarpen net slagge om partoeren op it fjild te krijen, bygelyks troch in tekoart oan goeie keatsers en de fakansje fan de âlden.
De Freulepartij yn Wommels is de belangrykste keatspartij fan it jier foar jonges fan 14 oant 16 jier. Der dogge dit jier 52 partoeren mei.