Skipsmodellen wer yn Dokkum

Nei fjouwer jier steane trije skipsmodellen fan museum it Admiraliteitshûs wêr útstald yn Dokkum. Oan de oare kant fan it wetter hawwe de modellen fan it steatejacht, in blazer en in frachtskip yn it Hellinghûs in nij plakje krigen.
De miniatueren stiene earder yn in opslachdepot yn Ljouwert. It museum helle de stikken werom omdat it de kosten fan de opslach net mear betelje kin. Oare museumstikken wurde ferhuze nei it depot fan it streekargyf.