Nije koers Kameleondoarp

De sânskulptueren lutsen al 10.000 besikers
It liket nei jierren better te gean mei it Kameleondoarp yn Terherne. It park hjit no Kameleon Avontoer en ferwachtet dit jier sa'n 60 tûzen besikers te krijen. Dat soe betsjutte dat der jild oerbliuwt dat ynvestearre wurde kin yn útwreiding.
De attraksjes fan de Kameleon sels sprekke in te lytse doelgroep oan en dêrom wurdt socht nei ferbreding. Sa kinne dizze simmer ek sânskulptueren besjoen wurde. De keunstwurken ha al soarge foar 10.000 ekstra besikers.