Brommerriders ferwûne

© Omrop Fryslân
In 17-jierrige brommerrider út Bûtenpost en syn 19-jierrige passazjier út Enschede binne moandeitemiddei licht ferwûne rekke by in ûngelok op de Koaileane yn Damwâld.
De brommerriders krigen op de krusing mei de Haadwei gjin foarrang fan in 46-jierrige automobilist út Ferwert. De slachtoffers binne nei it sikehûs fan Dokkum brocht, dêr't harren ferwûnings behannele binne.