Kij deariden troch trein

De kij oerlibben de botsing mei de trein net (foto Martin Nuver, 112 Grinslân)
It treinferkear tusken Ljouwert en Grins hat moandei oan de ein fan de middei lêst hân fan in oanriding fan de trein mei in keppel kij. By it ûngelok by it Grinslanner Grijpskerk binne fjouwer bisten deariden. Guon kij kamen yn de sleat neist it spoar telâne. De kij wiene losbrutsen. De brânwacht hat it spoar skjinmakke.
Nei oardel oere rieden de treinen wer. Passazjiers waarden tusken Bûtenpost en Súdhorn mei bussen ferfierd.