Wetterbuffels meie weromkomme

03 aug 2009 - 18:56

De kâns is grut dat der ek takom jier wetterbuffels omrinne yn Nasjonaal Park de Alde Feanen.

De bisten binne begjin dizze simmer loslitten yn de Wyldlannen omdat se wat rûger gers frette as oare kij. En dat dogge se goed. Wol meie se hiel graach yn de wiete stikken fan it lân rôlje, wêrtroch't op plakken mear drek as gers leit. Fierder fertraapje se de wâlskanten wat mear. Mar al mei al is it Fryske Gea tefreden oer de ynset fan de wetterbuffels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)