Sterkste boer-striid giet oer

03 aug 2009 - 16:10

De ferkiezing fan de sterkste boer fan Fryslân fan it Frysk lânboumuseum giet net troch. Der binne net genôch boeren dy't har opjûn hawwe om mei te dwaan. It lânboumuseum hie de wedstriid útskreaun foar snein 30 augustus.

It wie it doel fan it lânboumuseum om de dielnimmers útkomme te litten op ûnderdielen as trekkerlûke, molkbustille, striepaksmite en oare ûnderdielen dy't mei it boerelibben te krijen ha. Mar blykber binne der net folle boeren dy't dêr nocht oan hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)