Advendo: optrede mei hynders

© Omrop Fryslân
By it jubileum fan it Frysk Hynstestamboek yn oktober sille foar it earst hynders optrede mei in grutte showband. In riskant optreden omdat de showband fan Advendo út Snits frijwat leven makket en de hynders moatte dêr wol oer kinne.
Der is dan ek al jierren oan de show wurke. Pas koartlyn is it griene ljocht kaam. De optredens sille plakfine op 23 en 24 oktober.