Lejsal en Losada nei H'fean

Sportklup_Hearrenfean hat him fersterke mei twa spilers. It giet om de Tsjechyske keeper Martin_Lejsal en de Argentynske middenfjilder Hernan Losada. Beide spilers wurde foar ien jier hierd. Boppedat hat Hearrenfean in opsje om de twa dêrnei te keapjen.
Lejsal komt oer fan FC Brno. Ek Feyenoord hie ynteresse foar de keeper. Losada komt fan Anderlecht, mar kaam dêr net oan spyljen ta. Anderlecht waard ferline jier twadde yn de Belgyske kompetysje.