Sân ophelje op Skylge ferbean

© Omrop Fryslân
It fergees opheljen fan sân op Skylge is sûnt ferline wike ferbean. De provinsje wol it net mear. Oant ferline wike koene de eilanners sân ophelje by de sânôfgraving yn Aasterein. De provinsje fynt hjirrfoar in fergunning oanfrege wurde moat. Steatsboskbeheer is no yn oerlis mei de gemeente Skylge om derfoar te soargjen dat de eilanners dochs sân ophelje kinne. Steatsboskbeheer hopet dat der foar de ein fan it jier in oplossing komt.