36 auto's fernield yn Burgum

Yn fjouwer strjitten yn Burgum binne yn de nacht fan sneon op snein hast fjirtich parkearde auto's fernield. It giet om auto's yn de Van der Walstrjitte, de Van der Ploegstrjitte, De Ymkerstrjitte en de Ademastrjitte. Antinnes, spegels, en rútwiskers waarden fernield en auto's binne beskrasse. Fan de dieder of dieders ûntbrekt noch elk spoar.
By de plysje binne mei-inoar al sa'n 36 oanjeftes binnenstreamd. De plysje is dwaande mei it ûndersyk.