WMC: Advendo wrâldkampioen

It Ljouwerter Pasveerkorps yn aksje op it Wrâldmuzykkonkoers yn Kerkrade
De ferskate Fryske korpsen dy't dit wykein meidiene oan it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade ha it goed dien. Advendo út Snits waard sneon wrâldkampioen marsparade, mei in twadde plak foar it Pasveerkorps út Ljouwert. Itselde Pasveer pakte snein it twadde plak by it ûnderdiel Show.
Oan it konkoers dat de ôfrûne trije wiken yn it stadion fan Roda JC hâlden waard diene korpsen mei út 35 lannen. Mei-inoar kamen der mear as 700.000 minsken op ôf.