Autorider Junokade foarlaad

03 aug 2009 - 11:53

De Ljouwerter (20) dy't freedtejûn belutsen wie by it deadlike ûngelok op de Junokade, moat moandei foar de rjochter-kommissaris ferskine. Dy bepaalt oft de man langer yn 'e sel bliuwe moat. De Ljouwerter bestjoerde de auto dêr't in motorrider (24) tsjin oan botste doe't dy in wheelie makke.

De motorrider waard fuortslingere en wie op slach dea. De automobilist en syn passazjier (29) naaiden út, mar waarden letter pakt. De man hie gjin rydbewiis en fersekering.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)