Jonge swimmer die spultsje

Op Flylân is sneintemoarn in jonge fan 9 jier út Den Haach fan de boaiem fan it swimbad Flidunen helle. Nei alle gedachten die it jonkje mei it tal oare bern in spultsje wa't it langst ûnder wetter bliuwe koe.
De jonge rekke út de tiid en is troch begelieders út it wetter helle en fuortendaliks reanimearre. Hy is mei de traumahelikopter nei it sikehûs brocht. Hoe't it mei de jonge swimmer giet is net bekend.