Sint Anne wint generale Freule

02 aug 2009 - 18:07

Jeroen Westra, Sjoerd de Jong en Krijn Hiemstra fan Sint Anne hawwe snein op it Sjûkelân fan Frjentsjer de generale fan de Freulepartij wûn. Yn 'e finale wie Sint Anne mei 5-2 en 6-4 te sterk foar Willem Heeringa, Rick de Graaf en Robert de Bruin fan Tsjummearum.

Sint Anne jildt woansdei as topfavoryt op de Freulepartij omdat dit jongespartoer ek Nederlânsk kampioen is. Seisbierrum-Pitersbierrum waard tredde yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)