Revâns foar Rutmer v.d. Meer

Op de revâns-PC yn Wytmarsum hat it partoer fan Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra, Taeke Triemstra yn de finale sportive wraak nommen troch mei 5-2 en 6-4 te winnen fan PC-winners Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger. Ofrûne woansdei ferlearen Van der Meer-en-dy noch kânsleas mei 5-0 fan it partoer Van der Bos yn de twadde omloop. Rutmer van der Meer waard kening yn Wytmarsum.
Tredde waarden Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra.