Ljouwerter drugsdealer oppakt

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter plysje hat sneontenacht in Ljouwerter (27) oanhâlden op fertinking fan hannel yn drugs. De man waard hanneljend oantroffen op de Wurdumerdyk, mar besocht út te naaien doe't er de plysje seach. Nei in koarte efterfolging waard de man oanhâlden. De man hie mei-inoar 50 'boltsjes''by him; 23 boltsjes mei heroïne en 27 mei kokaïne.
De man is oanhâlden en ynsletten foar neier ûndersyk.