Fjochtpartij op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn 'e nacht fan sneon op snein op de Fleismerk fan It Hearrenfean trije jonges oanhâlden nei in fjochtpartij. It gie om in Jouster (17), in Wolvegeaster (19) en in Feanster (20). It trio wie út in hoarekasaak oan de Fleismerk set.
De manlju wiene it net iens mei de gong fan saken en woene ferhaal helje by de portiers. Ien fan harren waard oanfallen, mar syn kollega's kamen tuskenbeide. De plysje naam it trio mei nei it buro foar neier ûndersyk.