Senioaren wolle kompjûterles

In protte flecht op 'e koai. Foto: Lenus v/d Broek
Der is in soad belangstelling foar de kompjûterkursussen fan it Seniorweb SúdFryslân. By de iepen dagen yn Wolvegea en Easterwâlde kamen 300 minsken, dy't benijd wiene nei hoe't in kompjûter wurket. In grut part fan de besikers hat him ek fuortendaliks ynskreaun foar in kursus.
De begjinnerskursus yn Wolvegea sit no hielendal fol, yn Easterwâlde binne der noch in pear plakken frij. Der is ek in groeiende belangstelling foar de iendaagse workshops.