Minder of mear tiken?

02 aug 2009 - 09:35

Op Skiermûntseach binne dit jier folle minder tiken fongen as foargeande jierren. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Wageningen Universiteit. Dy hat tolve fêste fanglokaasjes foar tiken. Skier is ien fan dy lokaasjes.

Op oare fanglokaasjes binne krekt folle mear tiken fongen as foargeande jierren. Hoe't de ferskillen mooglik binne, is noch net dúdlik. Der waarden yn maaie, juny en july op de tolve fanglokaasjes dik 5800 tiken fongen. Yn 2007 en 2008 wiene it er 3250.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)