Bart Helmholt wint yn Burgum

01 aug 2009 - 22:31
  • Alwer de alfde seizoensoerwinning foar Helmholt (foto Martin de Jong)

Yn in rûnút teloarstellende fierljepwedstryd yn Burgum pakte favoryt Bart Helmholt sneontejûn syn alfde seizoenstitel yn 'e topklasse. Syn earste sprong fan 19.49 meter wie de hiele konkurrinsje te machtich. Twadde waard Ysbrand Galama mei 19.06. It tredde plak gie nei Hannes Scherjon. Hy sprong 18.49.

By de froulju gie de oerwinning nei Anna Jet Leyenaar mei 15.02 meter. Nard Brandsma wûn it by de junioaren. Albert-Jan Venema die dat by de jonges.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)