Schuil en Nummerdor winne wer

© Omrop Fryslân
Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe har sneon by it grandslamtoenoai fan it World Tour beachvolleybal yn Klagenfurt pleatst foar de kwartfinales. Mei 21-14 en 21-19 wiene se Kais en Vesik út Estlân de baas.
Sneontejûn spylje Schuil en syn maat tsjin it Spaanske duo Herrera en Gavira dat as fjirde pleatst is. Schuil en Nummerdor binne yn Eastenryk as achtste ynskaald. Se hawwe al fjouwer duels op rige wûn.