Soad drokte iependei Cambuur

01 aug 2009 - 16:05
  • Nije spilers ride yn in Porsche foar
  • De Cambuurseleksje klapt foar de fans

It wie in drokte fan belang sneon by it Cambuur stadion yn Ljouwert. Goed fiiftûzen minsken kamen ôf op de jierlikse iependei fan de klup. De nije spilers fan it earste alvetal waarden yn in iepen Porsche it fjild opriden. Foar de jongerein wie der in springkessen en in pannakoai.

Besikers koene ek noch in seizoenkaart keapje. Direkteur Pama fertelde dat der al 5500 ferkocht binne. Dat binne sawat likefolle as yn de tiid dat Cambuur yn de earedivyzje spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)