Debutant Talsma IFKS-deiwinner

01 aug 2009 - 15:43
  • De op-en-del-rûte
  • Talsma en syn bemanning (foto: Martin de Jong)

Debutant Jelle Talsma hat de earste wedstriid wûn fan de IFKS, sneon fersyld by Hylpen. Hjirmei liet er Delmer Los efter him. Siebo Zijsling waard tred. Tony Brundel, IFKS-kampioen fan 2009, einige as sechsde.

Skipsbouwer Talsma sylt mei 'De Jonge Jan'. De ôfrûne jierren knapte er it skip hielendal op. Dat die fertuten, want yn twa jier gie Talsma fan de C-klasse nei de A-klasse. It skip wurdt ek wol 'De Poep' neamd. De skûtsjes sylden in saneamde 'op-en-del-rûte'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)