Skippers op gedrach wiisd

01 aug 2009 - 15:19

It kin sa simpel wêze: wês sunich mei enerzjy, brûk gjin smoarge middels en smyt jo poep net samar oerboard. Mei dat boadskip besiket it 'Schoon Schip' yn de Snitswike skippers en silers bewust te meitsjen fan har gedrach.

It skip is omboud ta enerzjysunich ferfiermiddel en de bemanning dielt blauwe flachjes út oan minsken dy't goed op it miljeu passe. Ek kinne skippers ynformaasje krije oer miljeufreonlike tapassings lykas biologysk fet en sinnepanielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)