Man slacht mei barkruk

01 aug 2009 - 15:04

In 29-jierrige man út Damwâld is freedtenacht troch de plysje oppakt, omdat er in frou mei in barkruk op de holle slein hie. De man hearde by in groep minsken dy't belutsen wie by fjochterij yn in hoarekagelegenheid yn Dokkum. De groep waard derút set, mar kaam der mei in soad geweld wer yn.

In fyts waard nei binnen smiten en der waard wer fochten. De 24-jierrige eigneres fan de saak woe ferhaal helje en krige doe in klap mei in barkruk tsjin de holle. Se moast nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)