Oanhâlding lost stellerij op

01 aug 2009 - 14:47

Mei de oanhâlding fan in man fan 31 út Terkaple hat de plysje sân stellerijen út boaten en it stellen fan ien boat oplost. De plysje kaam de man op it spoar neidat in Jouster syn eigen boat lizzen seach by de Burgumermar. De man warskôge de plysje. Dy fûn de man út Terkaple yn de boat.

De fertochte bekende op it plysjeburo dat er de boat stellen hie en dat er ek yn boaten ynbrutsen hie yn ûnder oare Drachten, Grou en Earnewâld. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)